Sunday, August 22, 2010

Merke Wytgaerd

Prachtich waar hiene wy mei de Wytgaerdster merke



Der is net folle feroare sûnt tritich jier ferlyn. Doe siet omke Willem der. No ús Wim (sprútsje).



Dan hawwe wy noch de sweef. Dêr kom ik net yn. Beroerd kinne wy ek wol fan it bier wurde, dêr hawwe wy dit draaiding net foar nedich. Fyftich jier lyn kaam ik der ek net yn en dus no ek net.



Wa hjir it grutste wurd hat wyt ik net, mar de beide manlju hawwe der wol aardichheit oan.
Nelly begrypt it wol sa te sjen.




Jouke , my self en Wietse, wy hawwe ús aardich fermakke.



Theo wie ek op skik. Trouwens oankommend jier dan ferwachtsje wy Piet en Klaes ek wer, der waar no al frege wêr binne de oare Ypma's.

Sa as elk jier wie Sietske der wol en hat dizze foto's makke.






0 Comments:

Post a Comment

<< Home