Gedonder om in wyfke


Sa as alle jierren, is der in steltsje reidhinnen by ús yn de fiver. Dizze kear binne der twa mantsjes dy it op it wyfke fersjoen hawwe.

Fan 'e jûn wie der wer in hiel gefjocht fan wol in heal ûre.

As hoantsen stienen se tsjinoer elkoar. Sûnder dat se it yn de gaten hienen stie ik njonken harren.

As jimme efkes op de foto klikke, dan sjogge jimme it prachtich moai.

Spitich, it foto-apparaat wie net op dizze faasje berekkene.

Ik wie net de ienige dy't dit barren fêstlizze woe.

Reidhin / Waterhoen/Gallinula chloropus
0 Comments:
Post a Comment
<< Home