Wednesday, June 26, 2013

De Pleats Yn Wytgaerd

Dizze foto fan Wytgaard is makke fan de sechsteheale ôf
by de Zwette

De pleats oan de Hegedyk yn Wytgaard


De earste stien is lein troch Dirk v/d Zweep, de earste man
fan beppe Marijke

Hjir binne wy dan yn 'e skuorre by ien fan de hynstestâlen
fan Ulana of (hoe hjitte dy oare?)


It lytsbûthús

En hjir it grutbûthús , de ky kinne sa wer op stâl.

De skommel is der net mear , mar by it sjen fan de groppe
krij ik it wer yn 'e rêch fan it mjuksjen.

Wat is der eartiids net bart achter dy twa doarkes,
 de twa sliepkeamerkes op 'e souder.


It spekhok is der net mear. Achter dat gerdyntsje is in
doarke, nei myn sels makke keamerke, boppe de keuken.


Yn 'e keuken: de skoarstienmantel is der noch.


En oan it oanrjocht is ek neat feroare.

De breaplanke wurdt noch altyd brûkt

De kowerútsjes , dy't der neffens my,
troch Sipke v/d Meer ynset binne .

Achter hûs:  it skythúske is der net mear, sa't wy wol witte
mar it swarte hok wol. Dêr hawwe wy bargen yn hân en
ik wit noch dat heit dêr in kat ophongen hat mei pickuptou.
Mar de kat draaide ( foar him) de goeie kant op . It tou
ûntwûn en de kat naaide út , noch wol mei in stik tou
om 'e kop . Letter joech heit de kat wer molke.